Fernielings op De Lemmer

Op 'e Lemmer binne fan sneontenacht op twa plakken auto's fernield. Op de Flevostrjitte binne om healwei twaen hinne de rutewiskers fan ferskate auto's ôfbrutsen. In kertier letter ha fjouwer jonges in spegel en in kentekenplaat fan in auto yn de Zevengesternte fernield. Ien fan de jonges hie in snowboard by him.
De plysje wol graach witte oft mear minsken wat sjoen ha en freget om ynformaasje. Dat kin ek anonym troch 0800-7000 te beljen.