Kommunikaasje Bilt moat better

24 jan 2010 - 13:00

De gemeentlike ynformaasje yn de Bildtse Post moat dúdliker en lêsberder. Dat docht bliken út ûndersyk nei de kommunikaasje fan It Bilt. Ek de webside soe better kinne. Fierder wol de gemeenteried better witte wat ûnder de boargers libbet.

De gemeente hat no spesjale mominten dat boargers foar de riedsgearkomste ynformeel mei it kolleezje en de ried prate kinne. Mooglik komme sokke mominten der ek yn de doarpen as dat nedich is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)