Beleanning foar skieden ôffal

24 jan 2010 - 12:53

De Ljouwerter wyk Oldegalieën krijt 12.500 euro fan de gemeente. Dan moat der wol minder ôffal by de dyk set wurde. Omrin hat de ynhâld fan de grize konteners fan ien opheldei wage en sjoen oft der goed skieden waard. As der oer in jier minder smoargens ophelle wurdt as op de mjitdei, mei it jild brûkt wurde foar in miljeufreonlik doel yn de wyk.

Der komme ferskate aktiviteiten om de bewenners mear bewust fan it skieden fan ôffal te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)