Stroomsteuring yn SW Fryslân

Liander hat de steuring ferholpen
Yn de Súdwesthoeke fan Fryslân hat sneintemoarn in stroomsteuring west. Om healwei tsienen foel de stroom fuort. Dat wie op De Gaastmer, It Heidenskip en yn Nijhuzum. Netwurkbehearder Liander hat in pear oeren nedich hân om it probleem op te lossen. Dat slagge om healwei twaen hinne. Troch de snie hiene de monteurs langer wurk om der te kommen.
In lytse 250 húshâldingen ha lêst fan de steuring hân.