16 Oanridings troch winterwaar

24 jan 2010 - 09:42
  • Opnij snie yn Fryslân

Snie soarget yn in part fan Fryslân snein opnij foar oerlêst. Oant no ta hawwe der sa'n 16 ûngelokken west troch de glêdens. Sneontejûn betiid wiene der 9 oanridingen op de Ofslútdyk. Dêr wie de dyk earst glêd troch izel, letter foel der snie.

De rykswegen binne neffens in wurdfierder no wer ridlik oant goed te beriden. Wol is it advys om foarsichtich te wêzen en de snelheid oan te passen. De snie leit allinnich yn it westlike part fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)