Stroetinga 3e op Weissensee

23 jan 2010 - 18:04
  • Arjan Stroetinga (argyffoto: Martin de Jong)

Arjan_Stroetinga fan Waskemar is sneon tredde wurde by de earste maraton fan it grand-prix sirkwy yn Eastenryk. De Nederlânsk kampioen op keunstiis moast nei 80 kilometer op de Weissensee yn de sprint fan in kopgroep fan njoggen man Pieter Jan van Eck en Jan Maarten Heideman foargean litte. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard fiifde.

By de froulju (60 km) gong de winst nei Carla Zielman fan Stienwikerwâld. Maria Sterk wie nei de massasprint op it tsiende plak de bêste Friezinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)