Winst foar Harkemase Boys

23 jan 2010 - 17:20

De Harkemase_Boys ha sneon mei 2-0 wûn fan WHC yn Wezep. De ploech fan Henk de Jong kaam yn de twadde helte op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Oebele Schokker. Hy benutte de takende penalty. Yn de slotfaze makke Martijn Barto dien wurk troch de 2-0 binnen te sjitten. Barto begûn op de bank omdat hy te let kaam. Troch in blessuere fan Reinder Slager kaam de topskutter dochs oan fuotbaljen ta.

Harkemase Boys stiet twadde yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)