Aksje tsjin heger parkeartaryf
Minsken fan de partij Smallingerlands Belang ha sneon yn Drachten aksjefierd. Se binne tsjin hegere parkeartariven yn Drachten. De partij joech fergees parkearkaartsjes fuort.
Riedslid Fred de Jong hat him de lêste jierren altyd ferset tsjin ferheging fan de kosten foar in parkearkaartsje. Neffens him is dat inkeld nedich om't der oars net ien yn de nije parkeargaraazje by it Raadhuisplein stean wol.