Bern fergees op stap

Tsientallen bern út Ljouwert fan gesinnen dy't gebrûk meitsje fan de Voedselbank ha sneon op stap west. Se mochten fergees nei Speelstad Oranje. It wie organisearre troch ekonomystudinten fan de NHL. Dy diene yn it ramt fan in staazje.
De gesinnen dy't meimochten, ha faak gjin jild foar ditsoarte útstapkes. De studinten regelen ferfier, sponsoring en begelieding. De bern hienen in prachtdei. Mooglik wurdt der faker sa'n útstapke regele.