Fernielings yn Ljouwert

23 jan 2010 - 15:00

Twa manlju út Burgum hawwe freedtenacht fernielings oanrjochte yn de binnenstêd fan Ljouwert. Mei in ein steigerpiip sloegen se ruten yn en fernielden se in garaazjedoar yn de Sint Anthonystrjitte.

In tsjûge warskôge de plysje. Dy fûn beide manlju, fan 25 en 51 jier, yn de buert fan de Doelesteech. Doe't de plysje se oanhâlde woe, waarden se poer. Mei in plysjehûn en pepperspray koe de plysje se de baas wurde. Se binne fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)