Grinzer sakket troch iis
In Grinzer (20) is freedtenacht troch it iis sakke yn Harns. De man hie op stap west en woe op de weromreis besykje oft it iis sterk wie op de Zuidoostersingel. Nei in pear meter sakke hy der troch.
Syn maat, in Harnzer (20) besocht him út it wetter te krijen. Dat slagge pas nei 20 minuten. De man is ûnderkuolle mei de ambulânse nei it sikehûs fan Snits brocht.