Aksje foar winkel Wytgaard

Boargemaster Crone fan Ljouwert stipet sneon de aksje om de doarpswinkel fan Wytgaard iepen te hâlden. De winkel nimt noch in jier de tiid om mear omset te krijen, oars moat de saak ticht. De doarpswinkel is oardel jier lyn oernommen troch Alie Deelstra. Neffens har binne de fêste kosten eins te heech, hielendal no't it servicepunt fan de Rabobank fuort is.
De aksje foar mear klanten wurdt ek stipe troch Doarpsbelang en de leveransiers fan de winkel.