Fûgels telle yn de tún

Dit wykein wurdt de lanlike túnfûgeltelling hâlden. Minsken telle hoefolle fûgels oft der yn de tún sitte. De telling is foar de sande kear. It wurdt dien yn gearwurking mei SOVON Fûgelûndersyk Nederlân.
Elkenien kin meidwaan. Je moatte in healoere lang byhâlde watfoar fûgels yn de tún of op it balkon te sjen binne. De gegevens kinne fia ynternet trochjûn wurde. Dêr steane de 25 meast foarkommende túnfûgels.