Roekenêsten fuortspuite

23 jan 2010 - 12:12

De frijwillige brânwacht hat sneon yn Oentsjerk holpen mei it ferjeien fan roeken. Mei in spuit waarden sa'n 240 roekenêsten út de beammen helle.

De roeken soargje foar in soad oerlêst by soarchynstelling Skewiel. De gemeente Tytsjerksteradiel hat tastimming krigen om foar it briedseizoen de nêsten op te romjen. Dêrnei docht elkenien syn of har bêst om safolle mooglik leven te meitsjen sadat de fûgels net allegear weromkomme en wer nêsten meitsje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)