Ein foar Mooi Gaasterland Riis

Jeugdhulp Friesland slút ynternaat Mooi Gaasterland yn Riis. Om't Ryk, provinsje en soarchfersekerder De Friesland Jeugdhulp koartsje, moat de organisaasje 1 miljoen besunigje. Yn ôfslanke foarm fine behannelings plak.
Op Mooi Gaasterland wurde 64 bern tusken 5 en 12 mei gedrachsproblemen 24 oeren deis opfongen. Lang net al dy plakken wurde de lêste jierren brûkt. Tenei wurde de bern dêrom yn lytsere groepen op meardere plakken yn de provinsje opfongen.