Maraton op natueriis Hylpen

22 jan 2010 - 21:32
  • Op de Iselmar
  • Op de iisbaan yn Dronryp

De iisklup Hylpen hâldt sneontemoarn in maraton op natueriis. Op de baan by it Hylper strân leit neffens de organisaasje noch sa'n 9 sintimeter iis. Troch it teiwaar fan de lêste dagen en de lichte froast fan no leit der in moaie glêde iisflier.

De baan is 900 meter. Goed 20 riders út de regio starten sneontemoarn om tsien oere foar in maraton fan 40 kilometer. Dêrnei is de baan iepen foar eltsenien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)