Man dea ûnder beam

22 jan 2010 - 16:20

In 70-jierrige ynwenner fan Nijeholtwâlde is freed by in ûngelok mei it omseagjen fan in beam om it libben kaam. Op it hiem neist de pleats fan syn soan wie hy dwaande mei it seachwurk. De beam spjalte midstwa en ien part foel boppe op de man.

Syn soan en in buorman hawwe him derûnder weihelle en besocht him te reanimearjen. Dat is net mear slagge. It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. De beam soe op de goeie wize ynseage wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)