Snitser frou berôve fan auto

22 jan 2010 - 16:03

In frou fan 39 jier út Snits is tongersdeitejûn yn Lelystêd fan har auto berôve. Twa mannen mei bivakmûtsen op lutsen op it parkearplak fan de MacDonalds in mes en seine tsjin de frou dat se útstappe moast. De dieders naaiden mei hege snelheid mei har auto út. De frou skrok bot ek omdat net ien har holp.

Ien fan de mannen, in 19-jierrige man út Almere koe troch de plysje oanhâlden wurde. De twadde dieder is noch net pakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)