Ynskriuwe foar Liet 2010

Liet 2009
Stichting Liet '91 noeget Fryske bands en muzikanten út om har yn te skriuwen foar Liet 2010. Dat kin fan 22 jannewaris oant 22 febrewaris. Mei-elkoar kinne der fyftich acts meidwaan oan ien fan de fiif foarrondes dy't sa't it no liket allegear yn de moanne april holden wurde.
De winner fan Liet 2010 mei yn novimber op reis nei Inverness yn Skotlân om Fryslân yn de stêd Inverness te fertsjintwurdigjen op Liet Ynternasjonaal.