Haglund ticht by debút

22 jan 2010 - 12:33
  • Philip Haglund by seleksje

De nijste oanwinst Philip Haglund sit sneon foar de wedstriid tsjin Willem II foar it earst by de Hearrenfean seleksje. Troch blessueres fan Viktor Elm en Mika Vâyrynen is Jan de Jonge twongen om de Sweedske middenfjilder earder as de bedoeling wie op de bank plaknimme te litten.

Oft De Jonge tsjin Willem II in berop dwaan kin op Oussama Assaidi is noch net dúdlik. De linkeroanfaller trainde freed net mei. Syn logyske ferfanger liket Tarek Elyounoussi.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)