Lit'diel wol sûpketen gedoge

22 jan 2010 - 11:50

Littenseradiel hâldt fêst oan it gedogen fan de saneamde sûpketen. Ek al hat de rjochter sein dat de gemeente dêrmei de hoareka tekoart docht. De hoareka hie in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente om't se it net earlik fine dat sy oan hiel strange regels foldwaan moatte, wylst de keten dat net hoege. De rjochter is dat no mei har iens.

De gemeente moat dêrom soargje dat de keten slute of nije argumenten betinke om se iepen te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)