Trouwe op snein en feestdagen

22 jan 2010 - 10:52

Yn de gemeente Hearrenfean kin tenei ek op sneins en feestdagen troud wurde. Ek kinne minsken elkoar jûns it ja-wurd jaan. De gemeente reagearret dêrmei op fragen fan breidspearen.

De ferromming fan de tiden jildt net foar it histoaryske gemeentehûs Crackstate. Neffens de gemeente soe dat te djoer wurde om't dan twa of trije amtners oan it wurk moatte. Hearrenfean telt 11 troulokaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)