Flyers winne fan Grins

22 jan 2010 - 10:03

De iishockeyers fan de Hajé Flyers hawwe de noardlike derby tsjin Grins mei 4-1 wûn en dêrmei it tredde plak ynnaam. Dat plak is belangryk foar de play-offs. De Flyers hiene it op It Hearrenfean net ienfâldich tsjin Grins, dy't lêste stiet.

De perioadestannen wiene 2-1, 1-0 en 1-0. De goals waarden makke troch Erik Landman, Bert van der Braak, Brent Patry en Wesley Hendriks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)