Súkses 'Soarch op ôfstân'

22 jan 2010 - 09:54

It projekt 'soarch op ôfstân' fan thússoarch Het Friese Land is in sukses. Dizze wike is de hûnderdste kliïnt holpen. Mei 'soarch op ôfstân' hawwe kliïnten kontakt mei in ferpleechkundige fia in byldtillefoan en in kamera.

Op in ôfsprutsen tiid wurdt de kliïnt belle. Dêrtroch kinne minsken langer selsstannich wenje sûnder dat de kosten foar de soarch omheech geane. Oars moat de soarch by de minsken thús komme en dat kostet tiid en jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)