Hearrenfean froulju ferlieze

22 jan 2010 - 09:32

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn de útwedstriid mei 1-0 ferlern fan Willem II. It like derop dat de formaasje fan trainer Rick Mulder in goed risseltaat helje soe tsjin de koprinner fan de earedivysje. Hearrenfean wie better en krige grutte kânsen, mar yn de ôfwurking gie it mis.

Troch sleau optreden yn 'e ferdigening skoarde ynternasjonal Kirsten van de Ven yn de 67ste minút de winnende treffer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)