Haan nije boargemaster Flylân

22 jan 2010 - 08:01

Wethâlder Yorick Haan fan Schiedam wurdt fan 15 febrewaris ôf de nije boargemaster fan Flylân. Dat hat it ministearje fan ynlânske saken bekend makke. De ried fan Flylân hie him unanym foardroegen. De 35-jierrige Haan fan Progressief Schiedam is sûnt 2006 wethâlder en wurdt de jongste boargemaster fan Nederlân.

Haan folget Ella Schadd-de Boer op. Dy fungearre as waarnimmer neidat boargemaster Baukje Galama nei Stadskanaal gien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)