Haïty: 3600 foar skilderijen

21 jan 2010 - 17:52

De feiling fan twa skilderijen foar Haïty hat tongersdei 3.600 euro opbrocht. De skilderijen wiene beskikber steld troch Keunstgroep Atteljee, in ûnderdiel fan soarchgroep Talant. Fia de webside fan Omrop Fryslân koene biedings dien wurde.

Foar it skilderij 'Rapper D.P. in New York' fan Daniëlle Pijpker betelle de Kooyinga Groep 2.500 euro. Autobedriuw Haaima kocht it skilderij 'Twee ruiters te paard' fan Tetje van Velzen foar 1.100 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)