Himpkwekerij yn De Fochtel

De plysje hat yn De Fochtel in mei gas ferwaarme himpkwekerij leechhelle. It is neffens de plysje frij unyk dat yn sa'n kwekerij gas brûkt wurdt as ferwaarming. Meastentiids wurdt dêrfoar yllegaal stroom ôftape.
De kwekerij sit yn in loads achter in wenning op it Súdein. Der stean 270 planten. Der is ien fertochte oanhâlden. It giet om de 63-jierrige eigner fan de loads. De technyske resjerzje docht ûndersyk.