Haïty: 750 bean foar skilderij

21 jan 2010 - 15:08
  • It skilderij fan Daniëlle Pijpker

Op it skilderij 'Rapper D.P. in New York' fan Daniëlle Pijpker is in nij bod útbrocht. In anonime bieder wol der 750 euro foar jaan. Dat is 250 euro mear as it lêste bod. Foar it skilderij 'Twee ruiters te paard' fan Tetje van Velzen stiet noch hieltyd in bod fan 600 euro.

De twa skilders meitsje diel út fan Keunstgroep Atteljee, in ûnderdiel fan soarchgroep Talant. Der kin noch op de skilderijen bean wurde oant healwei fiven. De opbringst giet nei Haïty.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)