Irakees mei dochs bliuwe

In 37-jierrige Irakees dy't foar 25 jannewaris it lân út moast, mei yn Nederlân bliuwe. De IND hat syn advokaat meld dat er in ferbliuwsfergunning krige hat. De man siet fêst op Skiphol. Hy is tongersdei ophelle en nei syn famylje yn Ljouwert ta brocht. In emosjoneel momint.
De Irakees waard nei in famyljerûzje yn 2000 feroardiele foar mishanneling. Hy hie der neat mei te krijen, mar krige wol in strafblêd. Boargemaster Crone hat him foar de man ynset.