Haïty: massaazje riedsleden

Boargemaster Van der Werff wurdt as earste ûnder hannen naam
De riedsleden fan it Bilt kinne har tongersdeitejûn by de riedsgearkomste massearje litte. De tsien euro dy't dat kostet giet nei it bernethûs 'Gods Littlest Angels' yn Haïty, dat runt wurdt troch Betty Hibma. Boargemaster Van der Werff fan it Bilt jout om kertier foar sânen de ôftraap.
It massearjen wurdt fersoarge troch meiwurkers fan in massaazjesintrum yn Sint Anne. Ek amtners en besikers kinne har massearje litte.