'Mentale Sieraden' yn premjêre

21 jan 2010 - 12:37
  • De jonge regisseur Bart Dokter
  • Ut de film Mentale Sieraden

Yn Ljouwert is tongersdei de bysûndere film 'Mentale Sieraden' fan Bart Dokter yn premjêre gien. De koarte film giet oer leafdesfertriet. It is de twadde film fan 'e Ljouwerter regisseur. Dêrfoar hat er ferskate bekende akteurs regele, lykas musicalstjer Linda Wagenmakers en de soapakteurs Eric Bouwman en Fleur van der Kieft.

De film is fan 't simmer opnaam op ferskate plakken yn Fryslân. Hy wurdt ek noch ynstjoerd op filmfestivals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)