Provinsje-argyf nei Tresoar

Tresoar yn Ljouwert
De provinsje hat tongersdei 300 meter oan argyfmateriaal oerbrocht nei Tresoar. It guod komt út 'e perioade 1962 oant 1986. Mei-inoar giet it om mljoen siden papier. Foar de ferhuzing nei Tresoar moast it argyf fan 1200 meter werombrocht wurde nei in seleksje fan 300 meter.
Yn 'e dossiers stean wichtige besluten bygelyks oer de Fryske taal en kultuer, mar oer ek de weryndieling yn 1984. Direkteur Bert Looper fan Tresoar is bliid mei de stikken.