Grut jacht moat noch langer

21 jan 2010 - 11:46

It 38 meter lange jacht Odyssey is tongersdeitemoarn mei help fan in iisbrekker nei de werf fan De Vries yn Makkum brocht. It jacht is yn 1989 troch De Vries boud. De nije eigner lit it no by De Vries ferbouwe. It skip wurdt 3 meter langer en de gasteferbliuwen wurde oanpast.

De werf is ek noch mei in nij skip dwaande en hat dan noch it klassike skip de Caravelle ûnder hannen. Dat wurk wurdt as in learlingprojekt útfierd mei Fryske skoallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)