Haïty: biede op skilderijen

21 jan 2010 - 11:25
  • Daniëlle Pijpker en Tetje van Velzen mei har skilderijen

Autobedriuw Haaima hat 600 euro bean op ien fan de twa skilderijen fan Keunstgroep Atteljee. Dy binne beskikber steld foar de helpaksje oan Haïty. De hiele dei kin bean wurde op de skilderijen. It heechste bod wurdt tsjin fiif oere bekend makke fia Omrop Fryslân Radio. Op it oare skilderij is yntusken in bod dien fan 500 euro.

De skilderijen binne makke troch Tetje van Velzen en Daniëlle Pijpker. Keunstgroep Atteljee is ûnderdiel fan soarchorganisaasje Talant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)