Dronken automobilist yn Grou

21 jan 2010 - 10:47
  • (argyffoto)

In 30-jierrige man út Akkrum moast woansdeitejûn op de Stasjonswei yn Grou syn rydbewiis ynleverje. Hy hie dêr in iensidich ûngefal feroarsake, dêr't syn auto swiere skea by oprûn.

Tsjûgen hiene de plysje warskôge en dy konstatearre dat de man ûnder ynfloed wie. Hy waard meinaam nei it buro en dêr waard dúdlik dat er safolle dronken hie dat er in rydferbod fan njoggen oeren krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)