Dokumintêre oer Ankers

Willem Anker oan it wurk
It advokateduo Hans en Wim Anker stiet yn maaie dit jier sintraal yn in dokumintêre fan 'e NCRV. Yn it dûbelportet leit de klam benammen op juridyske saken. De ludike aksjes fan 'e Ankers komme minder oan bod.
Filmmakkers Maria Mok en Meral Uslu krigen lanlik bekendheid mei harren dokumintêre Longstay, in film oer TBS-feroardielden yn Nederlân. Yn dat ramt kaam ek Wim Anker oan it wurd, dy't jildt as ien fan de spesjalisten op dat mêd.