Better ûnderwiis oer sûnens

By de ûndertekening yn Drachten
Skoalbern krije better les oer sûnens en feiligens. Dat kin troch de 'Gezonde School Fryslân'. Njoggen Fryske ynstellingen, lykas Buro Halt, Ferslavingssoarch en Sport Fryslân ûndertekenen woansdei in konvenant.
It is in ferfolchstap yn in trajekt dêr't GGD Fryslân twa jier lyn mei begûn op twa proefskoallen. Mei de skoalle makket de GGD in nij sûnensbelied dêr't ferskate tema's lykas sport en feiligens yn bondele wurde. Tolve skoallen dogge mei.