Omrin: gjin ôffalopslach bûten

By de nije ôffaloven yn Harns wurdt gjin ôffal mear bûten opslein. It giet om tsientûzen ton smoargens dat fuortendaliks ferbrând wurde moat.
Dat hat ôffalferwurker Omrin bekend makke by it koart pleit foar de rjochtbank yn Ljouwert. Dêr easke Stifting Afvaloven Nee in boustop fan de oven. Omrin hopet sa te foldwaan oan de easken dy't nedich binne foar de miljeufergunning. Dy waard koartlyn troch de Raad van State ferneatige.