Roeken ferjeie yn Oentsjerk

20 jan 2010 - 12:33

De âlderein yn Heemstrastate yn Oentsjerk moat safolle mooglik leven meitsje. Doel is om in grut part fan de roekekoloanje te ferjeien. Der binne 240 nêsten. Jagers sjitte alarmpistoalen ôf en ek meiwurkers fan de gemeente dogge mei. De fûgels jouwe in soad oerlêst.

Sneon wurde alle âlde nêsten troch de brânwacht út de beammen helle. De gemeente hat tastimming fan it ministearje. Wol moatte de fûgels folge wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)