Undersyk nei erfpachtbelied

Der komt ûndersyk nei de erfpachtkwestje
Pieter Zevenbergen, âld-boargemaster fan It Amelân, makket diel út fan in kommisje dy't it erfpachtbelied fan Staatsbosbeheer ûndersiket. Hy is frege troch minister Verburg fan Natuer.
De kommisje moat advys jaan oer hoe't Staatsbosbeheer in ferheging fan de erfpacht ynfiere kin. Earder kamen benammen fan de Waadeilannen in soad beswieren tsjin ferheging fan de erfpacht.