Delsketten man stuts himsels

20 jan 2010 - 10:14

De man (40) dy't tiisdei troch de plysje delsketten is foar in skoalle op It Hearrenfean, hat dêrnei besocht himsels tekoart te dwaan. De man stuts himsels yn de búk mei it mes, wêrmei't er earder op it skoalplein stie te swaaien.

Doe't de man net nei de plysje harke, hat dy him delsketten. Hy waard rekke yn de earm en de foet. Dêrnei stuts er himsels it mes. Troch yngripen fan de plysje hat er dat oerlibbe. Hy is nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)