Plannen foar Kealledykje

De tagong nei it Kealledykje moat ek better
As Cambuur ferhuzet nei in oar plak yn Ljouwert, dan kin amateurclub VV Ljouwert in plakje krije op sportpark Kealledykje. Dat docht bliken út de werynrjochtingsplannen dy't de gemeente makke hat foar dat sportpark.
VV Ljouwert hat no syn fjilden noch neist it Cambuurstadion, mar dat feroaret as Cambuur ferhuzet en projektûntwikkelder Leiten it gebiet ûntwikkelje wol. De gemeente wol boppedat de sportfjilden by it Kealledykje tagonkliker te meitsjen.