Sintrale As net fjouwerbaans

19 jan 2010 - 21:44
  • Natoerorganisaasjes wolle gjin fjouwerbaansdyk troch it lânskip

Natoerorganisaasjes lykas It Fryske Gea en Miljeudefinsje tinke dat de kâns op in fjouwerbaans Sintrale As flink lytser wurden is. De rjochter hat it ministearje fan VROM frege mei redenen te kommen foar de oanlis fan in fjouwerbaans dyk troch in Nasjonaal Lânskip. It ministearje kin dy redenen net jaan en dus ferfalt de stipe oan de provinsje dy't útgiet fan in fjouwerbaans dyk.

De organisaasjes roppe elkenien op om beswier te meitsjen tsjin de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)