Komby Liudger en Frl. College

19 jan 2010 - 21:05
  • Liudger en it Friesland College slute oerienkomst

Liudger, de skoalmienskip foar fuortset ûnderwiis yn Drachten en it Friesland College op It Fean sille gearwurkje om de oansluting tusken fuortset ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis better te meitsjen. It giet dan om de oplieding autotechnyk dy't oanslút op de oplieding Ferfier en Logistyk op it Friesland College.

De gearwurking foarkomt dat learlingen stof dûbeld krije en tûke learlingen kinne al earder mei oare stof oan de slach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)