Advendo nei Jumping Amsterdam

19 jan 2010 - 20:17
  • Fryske hynders en Advendo op Jumping Amsterdam

Muzykkorps Advendo fan Snits sil kommende snein optrede op Jumping Amsterdam. Se sille dêr de sjo opfiere dêr't acht Fryske hynders in rol yn spylje.

De sjo wie earder ek te sjen by it jubileum fan it Frysk Hynstestamboek. Minsken fan Jumping Amsterdam wiene dêr sa entûsjast oer, dat se Advendo frege hawwe nei Amsterdam te kommen. Advendo is al wrâldkampioen, mar ferwachtet dat dit optreden harren bekendheid noch grutter meitsje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)