Ferstanlik beheinden tinke mei

Minsken mei in ferstanlike beheining moatte mear behelle wurde yn de maatskippij. Dat seit de LFB, de belangeferiening foar en fan minsken mei in ferstanlike beheining.
LFB Noard-East hat de ôfrûne perioade foarljochting jûn oan gemeenten en amtners oer hoe't minsken mei in ferstanlike beheining meitinke kinne oer de WMO, de wet maatschappelijke ondersteuning. De meiwurkers fan de LFB hawwe dêr in boekje oer makke dat tiisdei oanbean waard oan de wethâlder.