Bak Nielsen boykot parse

19 jan 2010 - 13:42

Hearrenfeanspiler Kristian Bak Nielsen wegeret foarearst mei de parse te praten. De Deenske ferdigener kaam ôfrûne wike yn it nijs troch in ynterview yn in Deenske krânte.

Yn dat ynterview soe er sein ha dat er It Hearrenfean in saai doarp fynt en útsjocht nei in oare klup. Neffens Bak Nielsen is it ynterview ferkeard fertaald. "Ik ben klaar met jullie," sei er tiisdei op de training. Mei "jullie" bedoelt Bak Nielsen de parse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)