FNV wol oerlis Autonational

19 jan 2010 - 12:23

It fakbûn FNV besiket sau mooglik om 'e tafel te kommen mei de direksje fan it bedriuw Autonational út Drylts. It bûn docht dat op fersyk fan de meiwurkers. By Autonational en susterbedriuw V&N ferdwine tolve wurkplakken en dat bestjut dat der fyftjin minsken út moatte. Foar har is gjin sosjaal plan, dêr is neffens de direksje gjin jild foar.

Oant no woe de direksje gjin oerlis mei it fakbûn. It bedriuw falt nammentlik net ûnder de CAO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)