Jild foar kulturele produksjes

Deputearre Steaten hawwe hast 94.000 euro beskikber steld foar sân kulturele produksjes. Der giet 20.000 euro nei de stichting Fjouwer F foar de foarstelling 'De man fan Myra'. Dat is in grut muzykteaterprojekt dat begjin septimber yn Grou plakfynt.
Dat sil wêze op in poadium yn en by it wetter. De foarstelling wurdt holden yn ferbân mei it 150-jierrich bestean fan de Keninklike Wettersportferiening Frisia en de 90-jierrige Feriening Foar Folksfermaken yn Grou.